Op fakânsjepark De Roggeberg yn Appelskea belibje jo in echte bûtenfakânsje. It hiele seizoen troch is der foar jong en âld in soad te genietsjen.
Ferskate akkommodaasjes
De Roggeberg biedt in romme kar oan akkommodaasjes, lykas bungalows, chalets, kampearchalets en mobile homes. Hâlde jo fan kampearjen yn in tinte en hawwe jo sels gjin kampearspullen? Kies dan foar in safarytinte. De ynrjochting mei robúste houten meubels soarget foar in waarme sfear. Kampearje mei in bytsje ekstra lúkse.
Moaie, romme plakken
Midden yn de natuer fan Nasjonaal Park Drents-Friese Wold lizze romme kampearplakken, camperplakken en moaie akkommodaasjes. Alle kampearfjilden wurde omjûn troch beammen en strûken. Dat jout de plakken in persoanlike en lytsskalige sfear. De sanitêre foarsjennings binne altyd tichtby. Jo kinne ek kieze foar in komfortplak mei priveesanitêr.
In soad te dwaan foar jong en âld
Bern kinne har hjir poerbêst fermeitsje. It wetterboartersparadys, de pumptrackbaan, de minigolfbaan en it iepenloftswimbad neist it park, dêr’t jo apart foar betelje, soargje foar wille by alle soarten waar. Foar wat âldere bern en jongeren binne der ferskate bûtenaktiviteiten, lykas in klimparkoers en paintball. Neist it park leit ek in golfbaan mei njoggen holes.
In dei lekker ûntspanne
Hawwe jo in dei gjin sin om te koken? Yn de sfearfolle brasserie kinne jo genietsje fan kofje, in hearlik moarnsiten, in lekkere lunch of in smaakfol diner. Alle moarnen binne der farske broadsjes. Foar in flugge hap kinne jo terjochte by de snackbar.