Ga naar inhoud

Hotel De Doelen

Franeker

Oernachtsje yn it hert fan Frjentsjer, wêr’t de stêd gewoan libbet enst sa nei bûten stapst.

Sjoch alfêst efkes

Hotel Grandcafé De Doelen leit midden yn it histoaryske sintrum. Do sliepst hjir yn in karakteristyk pân, tichtby alles wat Frjentsjer bysûnder makket. Even nei bûten en do stiest tusken gevels, grêften en ferhalen fan de stêd.

De keamers binne rom en ljocht. Ut it rút wei sjochst oer de binnenstêd. Binnen hast alles watst nedich hast, in eigen badkeamer mei dûs en húske, in tv, buro en minibar. De wifi is fergees en it moarnsiten stiet foar dy klear.

De hotelkeamers lizze op de earste ferdjipping en binne te berikken mei in trep.

Underoan skowst sa oan yn it grand café foar wat te iten of drinken. Dêrnei wer nei boppen, even oplade en moarn wer op paad. Frjentsjer wachtet.