De foarm fan de toer ferwiist nei de skiednis fan it gebiet. Hjir waard eartiids sâlt wûn út turf dat troch seewetter trochweakke wie. Dat turf waard yn kegels opstapele om te drûgjen. It ûntwerp fan arsjitekt Nynke Rixt Jukema slút dêr op oan.
Fia in loopbrêge komst fan de dyk by de toer. Binnen steane ynformaasjepanielen oer de skiednis en de natuer fan de Eanjumer Kolken. Fan hjirút kinst nei ûnderen, rjochting it wetter fan de Súd Ie, of omheech foar útsjoch oer it gebiet. De kolken lizze leech en steane bekend as fûgelryk gebiet.
Rûn de toer steane mear eleminten, lykas picknickbanken, yn deselde styl.
Foar wettersporters is der in oanlisplak fan Marrekrite yn de buert. Komst mei de auto, dan kinst parkeare oan de Hjellingswei of Kriensenswei.
Lâns dizze rûte wurdt wurke oan in fytspaad dat nei ferwachting yn 2027 klear is.