Skûtsjemuseum Earnewâld
Earnewâld
Yn dit museum stiet it libben fan eardere generaasjes skûtsjeskippers sintraal.
Sjoch alfêst efkes
Bekijk alle 4 foto's
Alde ambachten út de skipsbou, lykas de smidte en de seilmakerij, krije hjir romte. Hûnderten ûnderdielen fan skûtsjes en ark binne sfearfol opsteld. Yn in neiboude roef priuwst it âlde skipperslibben. Do rûkst taan en teer.
Do belibbest de krappe romte oan board om 1900 hinne, doe’t skûtsjes ûnder seil alle dagen frachten mei turf, terpmodder, dong en sân ferfierden.
Do ûntdekst hoe swier it bestean wie, mei hurd wurkjen, soms earmoede en faak de frijheid fan in libben mei wyn en wetter. Ek de skûtsjes fan no krije folle omtinken. Oan de kade leit in unyk houten skûtsje.
Hjir fine jo Skûtsjemuseum Earnewâld
De Stripe 129264 TW Earnewâld Plan dyn rûte naar Skûtsjemuseum Earnewâld
fanôf dyn lokaasje