Genietsje fan farske kofje mei selsmakke taart, in útwreide lunch, high tea of in gesellige borrel mei lekkere hapkes. Blend Bolsward is in gastfrij plak dêr't minsken byinoar komme.
Blend | Eten en drinken is ûnderdiel fan Pimpé, in soarch- en learbedriuw foar minsken mei in ferstanlike beheining, en biedt in moai wurkplak foar dizze bysûndere doelgroep.
Hawwe jo wat te fieren, sykje jo in romte foar in gearkomste, workshop, symposium, feest of trouwe jo yn de moaie trouzaal? Yn gearwurking mei it fernijde stedhûs en Cultuurhistorisch Centrum de Tiid biedt Blend passende romten en arranzjeminten.