By Frisone Pazzo komme Italjaanske smaken en yngrediïnten fan Fryske grûn byinoar. De keuken lit him ynspirearje troch de klassike Italjaanske osteria, dêr’t suvere produkten, gastfrijens en oandacht foarop steane. Hjir draait it om deifarske gerjochten mei ekologysk ferantwurde yngrediïnten út de regio, tsjinne yn in mear-gongenmenu fol smaak en belibbing.
Duorsumens rint as in reade tried troch it restaurant. Fan de kar foar lokale produkten oant de opbou fan de gerjochten. Frisone Pazzo bringt in natuerlike Italjaanske keuken nei Fryslân, mei earlike smaken en in ûntspande sfear oan tafel.