Ga naar inhoud

Dijk van een Wijf

Oosterbierum

By de Waadkust del, by Easterbierrum, dêr’t wetter en ierde byinoar komme, wurd in lânskipskeunstwurk realiseare.

Sjoch alfêst efkes

Se rikt har út yn it lânskip, foarme út klaai en sân. Yn de maitiid sil se begroeid wêze mei krûden en gers. Se wurdt grut, 65 meter lang, en op guon plakken 8 oant 11 meter heech – krêftich en tagelyk sêft fan aard. Hjir, oan ‘e râne  fan de Sédyk, rjochtet se har op út ‘e ierde, as in oade oan wat west hat en wat noch komme sil.

We neame har Dijk van een Wijf.

Toan risseltaten