Taastbere histoarje en symboal fan unfersetlikens. It Kazemattenmuseum fertelt it ferhaal fan 225 Nederlânske militêren dy 13.500 goed trainde en -bewapende Dútske soldaten tsjin wisten te hâlden wilens de maaiedagen fan 1940.
In ferhaal fan unfersetlikens, moed en snoade taktyk. De lokaasje, de kolleksje en de ferhalen yn byld en lûd meitsjen in besite oan it Kazemattenmuseum oant in unike ûnderfining.
Navigatieadres is Ofslútdyk 1c. Dêr kinsto de auto fergees parkeare op parkeerplakken P1 of P2 by it Afsluitdijk Wanddencenter. Dêrnei rin do (fia in stelsel fan treppen) oer de brêgen fan Kornwerdersân nei de yngong fan it museum, oan Ofslútdyk 5
Striid om de Wadden
Dizze lokaasje is ûnder oare ûnderdiel fan de fytsroute "Meidagen 1940" yn it ramt fan it tema Striid om de Wadden.