Stedsbrouwerij en museum Bonifatius754
Dokkum
De skiednis fan it Dokkumer bier begjint al yn de iere midsiuwen. Nei de dea fan Bonifatius yn 754 brouwden de muontsen fan de krekt oprjochte Bonifatiusabdij op de Merk it Dokkumer bier.
Sjoch alfêst efkes
Partikuliere brouwers namen dit wurk letter oer, oant der mar leafst 19 brouwerijen yn Dokkum wiene.
It wetter foar dit ferneamde bier kaam út de Bonifatiusboarne, suver en helder. Pas yn 1876 stoppe de lêste brouwer. Nei 140 jier is it Bonifatiusbier werom yn it sintrum fan Dokkum. Besykje de stedsbrouwerij. Yn de kelder fynst it lytste biermuseum fan Nederlân.
Hjir fine jo Stedsbrouwerij en museum Bonifatius754
Diepswal 59101 LA Dokkum Plan dyn rûte naar Stedsbrouwerij en museum Bonifatius754
fanôf dyn lokaasje