Keninklik Eise Eisinga Planetarium
Franeker
Oan it plafond fan de wenkeamer fan in prachtich grêfthûs yn Frjentsjer sit UNESCO-Wrâlderfgoed én it âldste noch wurkjende planetarium fan ’e wrâld.
Sjoch alfêst efkes
Bekijk alle 5 foto's
Dit presys bewegende model fan it sinnestelsel waard tusken 1774 en 1781 boud troch de Fryske wolkammer Eise Eisinga. Yn 2023 is it planetarium tafoege oan de UNESCO-Wrâlderfgoedlist.
Yn de eardere wurkpleats fan Eise Eisinga komst yn ’e kunde mei syn fak as wolkammer. Stjerrekunde en wiskunde wiene foar him in hobby. Op basis fan selsstúdzje skreau er al op syn fyftjinde in wiskundeboek en twa jier letter foltôge er in boek oer stjerrekunde.
It planetarium dat er boude lit oant hjoed de dei de aktuele stân fan de planeten sjen. De planeten bewege yn itselde tempo om de sinne as de echte planeten. In bysûndere prestaasje foar in wolkammer.
It planetarium wurdt oandreaun troch in yndrukwekkend raderwurk fan houten hoepels en skiven, mei tsientûzen hânsmiede spikers as tosken. In slingerklok en njoggen gewichten hâlde it gehiel yn beweging. It Eise Eisinga Planetarium is mear as in planetarium.
It is ek in museum mei in grutte kolleksje histoaryske astronomyske ynstruminten en omtinken foar moderne stjerrekunde. Dêrneist is der in filmsael dêr’t trochgeande dokumintêres te sjen binne.
Hier vind je Keninklik Eise Eisinga Planetarium
Eise Eisingastraat 38801KE Franeker Plan dyn rûte naar Keninklik Eise Eisinga Planetarium