Ga naar inhoud
Favorieten 0

Kom nei Fryslân mei it iepenbier ferfier.

Bist fan plan om nei Fryslân te kommen, mar do hast gjin auto? Kom dan mei it iepenbier ferfier! Fan en nei Fryslân binne der meardere goede trein- en busferbinings. Sa bist bygelyks yn twa oeren fan Amsterdam Centraal yn ús haadstêd en is der in snelle ferbining mei Grins sadatst mei 30 minuten yn Ljouwert bist.

Mei de bus

Fryslân hat in poerbêste busferbining tusken plakken ûnderling, en út Fryslân wei nei oare provinsjes en wer werom. Tink hjirby oan in snelle ferbining tusken Ljouwert en Alkmaar (fansels ek oer wetterikoan de Ofslútdyk), en ferbiningen fan en nei Assen en Lauwerseach. Binnen de provinsje kinst net allinne reizgje tusken grutte plakken as It Hearrenfean, De Jouwer, Drachten en Dokkum, mar ek lytse doarpen binne hiel goed berikber. Sels nei en op de Waadeilannen is reizgjen mei de bus hiel goed te dwaan. Haadferfierder yn Fryslân is Arriva. Ast mear witte wolst oer de tsjinstregeling en ferbiningen kinst op harren webside sjen.

 

Mei de trein

Kinst op ferskate wizen mei de trein nei Fryslân reizgje. Bygelyks fanút de Rânestêd mei in goeie ferbining fan de NS, en út Grins wei mei Arriva. En ek binnen Fryslân binne in soad plakken mei de trein te berikken. Tink hjirby bygelyks oan acht fan de alve stêden, de grutte plakken as It Hearrenfean en Wolvegea, en fansels haadstêd Ljouwert. Wolst mear witte oer reizgjen mei NS en Arriva? Dan kinst efkes sjen op ien fan de twa websiden.

Treinstasjons yn Fryslân