Swart is Sa Tryst
Joure
Trije susters moatte nei it ferstjerren fan harren mem tegearre de begraffenis regelje. Har ferskillende mieningen en oantinkens soargje foar spanningen, wêrtroch't it ûnwis is oft se ta elkoar komme kinne.
Sjoch alfêst efkes
Anneleen, Jessy en Marie binne 3 susters. Harren mem is krektlyn ferstoarn en no moatte se de begraffenis regelje. Se diele ien passy mei inoar: sikehûssearjes sjen op TV, mar oer alle oare saken binne se it net faak mei inoar iens. Trije froulju, elts mei harren eigen libben en oantinkens oan mem en in eigen miening. Kinne se it mei inoar iens wurde of binne de ferhâldingen derfoar te skeef?
Hjir fine jo Swart is Sa Tryst
Party- en zalencetrum 't HaskeVegelingsweg 20
8501BA Joure Plan dyn rûte naar Swart is Sa Tryst
fanôf dyn lokaasje