Ferhalejûn is it ferfolch op de bysûndere 2018-ferhalen dêr’t Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 mei begûn. Op Ferhalejûn komt hiel Fryslân byinoar om te harkjen nei ferhalen. Ferhalen yn wenkeamers, sikehuzen, kafee’s, oerheidsgebouwen, bibleteken, by ferieningen en bedriuwen.
Ek do hast in ferhaal
Elkenien hat wol in ferhaal. Op Ferhalejûn is der foar elk ferhaal in harkjend ear. Do hoechst gjin literêre fertellingen te bringen, fertel gewoan in ferhaal sa’tst dat oan in oar fertelst. Dingen dy’t bard binne, dy’tst meimakke hast, dy’tst witst oer dyn omjouwing, of wat dat net elkenien wit.