Ga naar inhoud

Heamiel Festival

Bolsward

It Heamiel: in feest fan ferbining.

Sjoch alfêst efkes

Ein juny, as it lêste hea binnenhelle wie, kamen boeren en stedelingen byinoar foar it heamiel: in mienskiplike miel mei rys, rozinen, boerenjonges en brandewyn. Oan lange tafels yn Boalsert ûntstie in waarm feest dêr’t jong en âld mei-inoar sieten.

Sûnt 1950 steane de Heamieldagen offisjeel op ’e aginda. Mei de komst fan de heakeninginne yn 1952 krige it feest syn fêste iepening, in tradysje dy’t noch altyd trochlibbet.

Wat begûn as in hooimaaltijd groeide út ta in fjouwerdaags feest mei ringriden, muzyk, merke en fjoerwurk. It hert fan it feest is noch altyd de Heamiellunch: mei-inoar oan tafel, krekt sa as doe.

Yn it lêste wykein fan juny brúzt Boalsert fan gesellichheid. Heamiel Boalsert is in libbene tradysje dêr’t de Friese mienskip gearkomt. Elkenien is wolkom.

Toan risseltaten