Kitesurf Clinic
Kornwerderzand
Hasto altyd al ris kitesurfen besykje wollen, om’tst dy kleurige kites boppe it strân en it Fryske wetter sa machtich fynst?
Sjoch alfêst efkes
No krijst de kâns op in kitesurf clinic fan 2 oeren by NorthWest Kiteboarding.
Do makkest kunde mei it materiaal, komst te witten watst allegear learst ast beslútst om kitesurflessen te folgjen, en fansels geane wy ferskate fleach-oefeningen dwaan op it strân. Nei dizze clinic witst wat kitesurfen ynhâldt en kinst beslute oftst dy oanmelde wolst foar takomstige lessen.
Dielname: €25,- de persoan. Dit bedrach wurdt ferrekkene ast dy nei de clinic oanmeldst foar lessen by ús.
Oanmelde foar de clinic kin simpel troch in e-mail te stjoeren nei info@northwestkiteboarding.com. Tink derom: fol is fol!