Ga naar inhoud

Pak de koffer mar wer út, leave!

Rijperkerk

Tanielferiening We doarre Wer út Ryptsjerk spielet de humoristyske ‘Pak de koffer mar wer út leave’. Dizze klucht spilet him ôf yn in hotel dêr't in bûnte samling minsken yn ferskate relaasjes inoar ferwachtsje, moetsje of leaver net tsjinkomme. Dêryn is it de fraach wa't no krekt by wa heart...

Sjoch alfêst efkes

Bekijk alle 4 foto's

It laitsjen werom yn Ryptsjerk 

Nei in klassyk drama oer fiskersfertriet begjin dit jier bringt toanielferiening We doarre Wer út Ryptsjerk yn novimber (21, 28 en 29) it laitsjen werom mei de foarstelling ‘Pak de koffer mar wer út leave’. Dêryn is it de fraach wa't no krekt by wa heart...

It ferhaal spilet him ôf yn in hotel dêr't in bûnte samling minsken yn ferskate relaasjes inoar ferwachtsje, moetsje of leaver net tsjinkomme. Mei dit skoalfoarbyld fan in klucht, skreaun troch Jan Tol en Astrid Baijs, set de Fryske toanielferiening ûnder lieding fan regisseur Hans van Buuren in humorfolle jûn del yn De Einekoer yn Ryptsjerk.

We Doarre Wer spilet al fan de oprjochting yn 1978 ôf alle jierren kluchten en blijspullen en hat ôfrûne iier in moai tal ekstra spilers derby krigen. Sawol jonge as âldere, farske as betûfte spilers fiele harren wolkom by de toanielferiening fan Ryptsjerk. Regisseur Hans van Buuren bliuwt it in útdaging finen om nije minsken it spilersfak by te bringen. Hy daget harren út om echt yn harren rol te krûpen, ek by in luchtige klucht lykas dizze.

We Doarre Wer, ‘Pak de koffer mar wer út, leave ’, spyldata: freed 21, freed 28 en sneon 29 novimber yn De Einekoer, Ryptsjerk. Seal iepen 19.30 oere, oanfang 20.00 oere. Tagong 15,00 euro. Kaarten bestelle kin fia https://we-doarre-wer.weticket.io/2025.

Fysike ferkeap is der op woansdei 12 novimber fan 19.30-20.30 oere yn De Einekoer (Heermawei 3). De foarstelling is yn it Frysk.

Priisynformaasje:
Fan € 15,00 (Folwoeksenen)
Ofstân nei jo lokaasje:
Toan risseltaten