Kerstconcert
Ioannis Theatertsjerke Wier, Wier
Kristlike Sjongferiening Halleluja Bitgummole is in mingd sjongkoar. It is oprjochte op 12 augustus 1893. De feriening bestiet dus mear as 130 jier! It koar hat op it heden 42 leden. De leden komme út Berltsum, Bitgum, Bitgummole, Dronryp, Frjentsje...
Sjoch alfêst efkes
Kristlike Sjongferiening Halleluja Bitgummole is in mingd sjongkoar. It is oprjochte op 12 augustus 1893. De feriening bestiet dus mear as 130 jier! It koar hat op it heden 42 leden. De leden komme út Berltsum, Bitgum, Bitgummole, Dronryp, Frjentsjer, Ingelum, Marrum, Menaam, Minnertsgea, Sint Anne en Stiens. It koar stiet sûnt 2007 ûnder lieding fan Feike van Tuinen.
De repetysjes fan it koar binne op woansdeitejûns fan 19.30 oant 21.30 oere (en dêrnei is der foar de leafhawwers in tredde helte). De repetysjes wurde hâlden yn De Molewjuk, J.H. van Aismawei 19, yn Bitgummole.
Ús repetysjes begjinne nei de fakânsje sa ein augustus oant mits juny. As regel binne der gjin repetysje tusken Kryst en âld en nij. De opkomst op de repetysjejûnen is goed te neamen.
En wêr sjonge wy foar? Yn it earste plak foar ússels, om mei-inoar te sjongen. Mar fansels wolle we ús ek wolris hearre litte. We hawwe sa no en dan in konsert/optreden, en we dogge in pear kear yn it jier mei oan in tsjerketsjinst. Meastentiids is it program in pear moannen oant in jier fan te foaren bekend en dan wurdt der drok foar oefene.
We ha gjin fêst kostúm, mar de froulju binne meast yn it swart mei in kleurd aksint. Dit kin elke kear in oare kleur wêze en hinget ek gear mei de tiid yn it liturgysk jier. De manlju binne ek yn it swart.
Mear ynformaasje en foto’s kinne jimme fine op ús blog:
https://hallelujabitgummole.blogspot.com/
Hawwe jo nocht om in kear mei te sjongen FAN HERTE WOLKOM!
Tijdstip
15:00 - !7:00 uur
Entree
€ 15
Informatie of reservering
Reserveren: s.sevenster@hetnet.nl of 0518-471123
Hjir fine jo
Kerstconcert
Ioannis Theatertsjerke Wier
9043 VN Wier Plan dyn rûte
fanôf dyn lokaasje