Ga naar inhoud

Twa minuten foar oanfang

Friesland

In aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter

Sjoch alfêst efkes

Twa minuten foar oanfang is in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter wêrby’st ûnderweis allerhanne personaazjes fan fleis en bloed tsjinkomst. Op de reis belânest op magyske wize yn ‘e holle fan akteur Joop Wittermans, en wa wit komt hy ek noch echt earne foar it ljocht. ‘Hjoed is it foar it lêst, nei 60 jier spyljen hat it genôch west’, hearst him tinken.

Wurdst fuortendaliks werom slingere nei de alderearste kear dat Joop frege waard foar in foarstelling fan Tryater. Dan folget in backstagetrip troch klaaikeamers, technykromtes en kostúmhokken, wêryn’t Joop it paad bjuster rekket yn ‘e tiid. Teksten út it ferline dûke op, ferjitten personaazjes sette de achterfolging yn en bylden út foarstellingen twinge har oan dy op. Sa’t yn dyn holle oantinkens en alles watst meimakkest ek dwers troch elkoar hinne rinne kinne.

Twa minuten foar oanfang is in ferrassende ûnderfiningstrip troch 60 jier Tryater en 60 jier spyljen.

Aginda

  • 12/09 (Tryater, Ljouwert) try-out
  • 14/09 (Tryater, Ljouwert)
  • 19/09 oant en mei 21/09 (Theater Sneek, Snits)
  • 26/09 oant en mei 28/09 (Posthuis Theater, It Hearrenfean)
  • 03/10 oant en mei 05/10 (Schouwburg De Lawei, Drachten)
  • 10/10 oant en mei 12/10 (Stadsschouwburg De Harmonie, Ljouwert)
  • 17/10 oant en mei 19/10 (Theater De Koornbeurs, Frjentsjer)

Klik hjir foar mear ynformaasje oer tiden, lokaasjes en kaarten.

Tink derom! De rûte giet troch (smelle) gongen, treppen en gewoanwei net tagonklike romten yn it teäter en freget om in goede basiskondysje. Bist min op’e gong en/of brûkst in rollator of in rolstoel, dan kinst de rûte meimeitsje op in sneintemiddei yn Theater Sneek, Schouwburg De Harmonie yn Ljouwert of Schouwburg De Lawei yn Drachten. Der is dan in tiidslot wêrby’t gebrûk makke wurdt fan in lift en der is mear tiid om de rûte ôf te lizzen. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan it oanbelangjende teäter.

Toan risseltaten