Tsjerkepaad
Cornwerd
Op de iepen tsjerkedagen: 12 en 26 july, 9 en 30 augustus, en op Iepen Monumintedei (13 septimber) is de Bonifatiustsjerke fan Koarnwert iepen. Yn dizze middeis binne der aktiviteiten, lykas in foardracht troch in dichter, in kuier lâns Obe's berteplak en in wolspindeminonstraasje.
Sjoch alfêst efkes
De tsjerke fan Koarnwert, wijd oan St. Bonifatius, waard mooglik stichte út kleaster Fulda wei. Yn 1300 by ferbouwing foarsjoen fan in toer, dy't yn 1898 troch de hjoeddeistige hege toer ferfongen waard. De tsjerke waard doe ek ommitsele. Fan it ynterieur binne in swiere izeren doar en fragminten fan in grut read sânstiennen reliëf (lit 13e iuw) bewarre bleaun. 2e helte 6e iuw waarden de romaanske finsters ferfongen troch gruttere finsters. Preekstoel, doophek en Tiengebodenbord (1740) binne wierskynlik makke troch timmerman / boer Marten Jorkes. In soad tinkstiennen en opskriften dogge de Rinia’s, tsjerkfâden / bouhearen en tagelyk ek foarname boeren om 1898 hinne.
Hjir fine jo Tsjerkepaad
Bonifatiuskerk Cornwerddorpsweg 5
8753 JC Cornwerd Plan dyn rûte
fanôf dyn lokaasje