Sjoch alfêst efkes
Foar’t Keningsdei losbarst, sette wy it feest útein mei Keningsnacht. Yn Neushoorn, mei ûnder oaren TikTak, op it Wilhelminaplein en yn ferskate gesellige kroegen yn de binnenstêd kinst dy alfêst waarmdraaie foar in jûn fol muzyk en gesellichheid.
Op Keningsdei sels feroaret de hiele binnenstêd yn ien grut feestterrein. De frijmerk soarget foar in protte kraampkes, spultsjes en sfear. Dêrneist wurde op ferskate pleinen, troch de stêd en yn de kroegen allerhanne feestjes organisearre. Fan it Mata Hariplein oant de Prinsentún en it Aldehouster Tsjerkhôf, oeral is wat te belibjen.