Ga naar inhoud

Motorboat Snits

Sneek

Foarjiersedysje fan Motorboat Snits.

Sjoch alfêst efkes

Twa kear yn it jier, foarjier en neijier, bringt Motorboat Snits in hiel wykein lang it meast fariearre oanbod fan nijbou- en jong brûkte motorjachten fan Nederlân byinoar yn de wettersporthaadstêd fan Nederlân, Snits. Rûnom it wetter fan de Fryske Alvestêdestêd presintearje renommearre Nederlânske werven, dealers en makelders in grutte kolleksje kwalitative motorjachten. Op rin- en kuierôfstân fan elkoar, yn nautyske sfear en mei hapkes en drankjes binnen hânberik. Jo binne fan herten wolkom.

“Wylst in soad wettersportbeurzen om ús hinne lytser wurde of ophâlde, sjogge wy by Motorboat Snits noch altyd in moaie groei,” seit de organisaasje fan it trijedeiske evenemint. “Wat wy faak fan ús dielnimmers hearre, is de oprjochte belangstelling fan besikers. Sy binne hiel rjochte op syk nei in nij jacht en alles wat dêrby heart. Dat liedt regelmjittich ta de direkte oankeap fan skippen.”

In súksesfaktor fan Motorboat Snits is it iepen karakter. “Besikers betelje gjin entree, steane nea yn lange rigen en kinne maklik en fergees parkearje. It evenemint is ferspraat oer trije dagen en meardere gastwerven yn Snits. Sa kinne wy de drokte goed ferspriede. Dat jout romte oan dielnimmende bedriuwen om ynteressearre besikers goed te ynformearjen oer harren jachten. Ek Snits as wettersportstêd spilet dêr in wichtige rol yn.”

Ofstân nei jo lokaasje:

Hjir fine jo Motorboat Snits

Eeltjebaasweg 6
8606 KA Sneek
Plan dyn rûte naar Motorboat Snits

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten