Ga naar inhoud
Kaartelementen overslaan

Elfstedenroute

(231 km)

|

Meitsje in rûntsje lâns de Alvestêden en ûntdek alle bysûndere attraksjes fan Fryslân. Of de Alvestêdetocht yn ‘e winter riden wurde kin is elk jier wer ôfwachtsjen. Mar wis is dat er no te farren is. Fan begjin oant ein. Tanksij it wurk oan de Noardlike Alvestêdefarrûte kinne wettersporters fan de simmer fan 2013 ôf starte yn Ljouwert en finishje op de Bonkefeart. In oantreklike rûte, fol mei moaie attraksjes. Untdek de Fryske stêden!

Lokaasjes op dizze rûte

  • Begjinpunt:

    Harlingertrekweg 67
    8715 JL  Leeuwarden
    Navigeer naar startpunt
  • Ljouwert

    Ljouwert is de grutske haadstêd fan Fryslân. In prachtige stêd mei in soad skiednis, dy’t eartiids oan de Middelsee lei.

    Ljouwert
  • 11Fountains Ljouwert

    ‘Love’ bestiet út twa 7 meter hege, wite skulptueren fan in jonge en in famke. Sy lykje inoar oan te sjen, mar harren eagen binne ticht.

    11Fountains Ljouwert
  • Snits

    Alvestêdestêd Snits is in libbene stêd yn Súdwest-Fryslân mei in grut ferskaat oan winkels en in soad gesellige terraskes yn it sintrum.

    Snits
  • 11Fountains Snits

    Op in gouden bol midden yn it wetter stiet in man mei in Hoarn fan Oerfloed.

    11Fountains Snits
  • Drylts

    Alvestêdestedsje Drylts leit tichtby Snits en stiet bekend as de houtstêd fan Fryslân.

    Drylts
  • 11Fountains Drylts

    Neffens Shinji Ohmaki foarmet kultuer him, lykas de natuer, laach op laach. Nije generaasjes bouwe hieltyd fierder op in grutte ûnderlaach dy’t net ferdwynt.

    11Fountains Drylts
  • Sleat

    Sleat is in mini-Alvestêdestedsje yn de Súdwesthoeke fan Fryslân dat sa yn in printeboek opnommen wurde kin.

    Sleat
  • 11Fountains Sleat

    Ljip’ lit in famke sjen dat op ’e skouders fan in man stiet. Sy hâldt in fûgel yn ’e hân. Under de fuotten fan ’e man foarmet in sloardige steapel amers, jerrycans en tobben de basis fan ’e fontein.

    11Fountains Sleat
  • Starum

    Starum is it âldste Alvestêdestedsje, leit oan it Iselmar en is in echte bestimming foar wettersporters.

    Starum
  • 11Fountains Starum

    De see jout, de see nimt. Starum, ea in rike Hânzestêd, kin dêroer meiprate. Oerstreamingen, seehannelsoarloggen, in haven dy’t fersâne: meardere kearen ferfoel de stêd ta earmoed.

    11Fountains Starum
  • Hylpen

    Hylpen is in hiel pittoresk Alvestêdestedsje oan it Iselmar yn Súdwest-Fryslân. Selden sjochst sa’n sfearfol haventsje.

    Hylpen
  • 11Fountains Hylpen

    Ynspiraasjeboarne foar de fontein fan Hylpen is de libbensbeam op it stedswapen, mei twa harten, oan wjerskanten ien, in mantsje en in wyfke.

    11Fountains Hylpen
  • Warkum

    Warkum is in noflik Alvestêdestedsje yn Súdwest-Fryslân, langrutsen fan foarm mei hielendal oan de westkant it Iselmarstrân.

    Warkum
  • 11Fountains Workum

    Al iuwen wurdt it stedswapen op ‘De Waag’ fan Warkum stipe troch twa liuwen. Sy dogge nayf oan en harren teätrale poaze makket dat wy laitsje moatte.

    11Fountains Workum
  • Boalsert

    Boalsert is binnen de Alvestêdekrite in wat gruttere stêd mei ferskate winkels, restaurants en moaie besjenswurdichheden.

    Boalsert
  • 11Fountains Boalsert

    Flearmûzen binne yntrigearjende, nuttige bisten dy’t mei harren jacht op ynsekten krúsjaal binne yn it ekologyske systeem. De flearmûs stiet yn ’e Aziatyske kultuer symboal foar rykdom, gelok en in seine âlderdom.

    11Fountains Boalsert
  • Harns

    Harns is de Alvestêdestêd oan it Waad. In prachtige stêd mei in nautysk hjoed en ferline, boud op ’e boaiem fan de âlde see.

    Harns
  • 11Fountains Harns

    Ea stie Harns yn it teken fan ’e walfiskfangst. Tsjintwurdich stribje wy der net mear nei om dy grutte en ymposante bisten te deadzjen, mar krekt om se fan ’e dea te rêden.

    11Fountains Harns
  • Frjentsjer

    Frjentsjer is in boeiende Alvestêdestêd mei in ryk universiteitsferline. Jierrenlang wenne en studearre hjir in grut tal studinten, ûnder wa bekende nammen lykas Descartes.

    Frjentsjer
  • 11Fountains Frjentsjer

    De fontein is in oade oan ’e wrâldferneamde, yn Frjentsjer berne, astronoom Jan Hendrik Oort. Syn ûnderstelling dat der om ús sinnestelsel hinne in ‘wolk’ fan miljarden komeeteftige objekten him beweecht, betsjutte in trochbraak yn ’e astronomy.

    11Fountains Frjentsjer
  • Alvestêdebrêchje Bartlehiem

    Bartlehiem hat gjin stedsrjochten, it is sels gjin doarp, en dochs is dit buorskip in wrâldferneamd plak oan de Alvestêderûte.

    Alvestêdebrêchje Bartlehiem
  • Dokkum

    Dokkum is de noardlikst lizzende Alvestêdestêd. De stêd ûntstie doe’t dit plak in beafeartsoard waard nei de moard op Bonifatius yn 754.

    Dokkum
  • 11Fountains Dokkum

    De IIsfontein is in spylbal fan de eleminten en gjin dei gelyk. IIs tekenet patroanen op it koperen fel fan ‘e skulptuer. De mjitte wêryn’t de fontein al of gjin iislagen foarmet, is ôfhinklik fan de sinne, luchtfochtigens, temperatuer, wyn en delslach.

    11Fountains Dokkum
  • Alvestêdemonumint Tegeltsjebrêge Gytsjerk

    Oer it riviersje de Moark by Gytsjerk fynst de bekende Tegeltsjebrêge, it Alvestêdemonumint fan Fryslân.

    Alvestêdemonumint Tegeltsjebrêge Gytsjerk
  • Bonkevaart, finish Alvestêdetocht

    Sûnt 1985 is hjir de finish fan de Alvestêdetocht, op de Bonkevaart yn Ljouwert.

    Bonkevaart, finish Alvestêdetocht
  • Einpunt:

    Harlingertrekweg 67
    8715 JL  Leeuwarden
    Navigeer naar eindpunt