Burgumer Mar /De Leien

(15.0 km)

De Burgumer Mar en De Leien foarmje tegearre in populêr wettersportgebiet yn Noardeast Fryslân. Dizze swerftocht bringt dy lâns de moaiste plakken fan dit marregebiet.

De Burgumer Mar en De Leien lizze midden yn it Nasjonaal Lânskip de Noardlike Fryske Wâlden en binne mei elkoar ferbûn troch De Lits. Ofhinklik fan de waarsomstannichheden (wyn) en dyn ûnderfining (de winske ôfstân), kinst der foar kieze om ien of beide marren te ferkennen. Alle wâlskanten hawwe har sjarme, mar fan in ekstra ynspanning dy’t dy nei de noardlike iggen fan De Leien bringt, krijst grif gjin spyt! Healweis De Lits leit it karakteristike doarp Eastermar. Hjir fynst bysûndere panden, detailhannel, hoareka en in moaie passantehaven mei ferskate foarsjenningen.

Lokaasjes op dizze rûte

Begjinpunt: Solcamastraat 30
9262 ND Sumar
Einpunt: Solcamastraat 30
9262 ND Sumar