Ga naar inhoud
Kaartelementen overslaan

Burgumer Mar /De Leien

(15 km)

|

De Burgumer Mar en De Leien foarmje tegearre in populêr wettersportgebiet yn Noardeast Fryslân. Dizze swerftocht bringt dy lâns de moaiste plakken fan dit marregebiet.

De Burgumer Mar en De Leien lizze midden yn it Nasjonaal Lânskip de Noardlike Fryske Wâlden en binne mei elkoar ferbûn troch De Lits. Ofhinklik fan de waarsomstannichheden (wyn) en dyn ûnderfining (de winske ôfstân), kinst der foar kieze om ien of beide marren te ferkennen. Alle wâlskanten hawwe har sjarme, mar fan in ekstra ynspanning dy’t dy nei de noardlike iggen fan De Leien bringt, krijst grif gjin spyt! Healweis De Lits leit it karakteristike doarp Eastermar. Hjir fynst bysûndere panden, detailhannel, hoareka en in moaie passantehaven mei ferskate foarsjenningen.

Lokaasjes op dizze rûte

  • Begjinpunt:

    Solcamastraat 30
    9262 ND  Sumar
    Navigeer naar startpunt
  • TIP Eastermar – tips fan de minsken dy't hjir wenje

    Wat is der hjoed te dwaan yn Eastermar, wêr ite jo en hokker rûte nimme jo? De gastegids fan TIP Eastermar set it foar jo op in rige, yn fjouwer talen. Makke troch de toeristyske ûndernimmers fan Eastermar en alle dagen bywurke. Sjoch op www.tip-eastermar.nl of scan de QR-koade yn it doarp.

    TIP Eastermar – tips fan de minsken dy't hjir wenje
  • Einpunt:

    Solcamastraat 30
    9262 ND  Sumar
    Navigeer naar eindpunt