AS IT IIS BREKT as it iis brekt safolle en ik wit it net mear, mar skerpe redens ride my tebek, tebek skuorren yn de tsjustere iisbaan fan myn doetiid: it read op de muorre do hiest neitocht oer hoe’t wy ferdele koenen, de wrâld in better plak april kaam rûzich, de hynsteblommen waarden dwylsinnich myn fingerseinen op dyn hûd in pear nachten waard ik dy stjer op sterk iis gjin man gjin frou mar fierder en ja, hillich skreaust hjoed lis ik myn hert del tusken stof en tiid ik sjoch hoe’t fjoer en woastenij op ‘t heden oeral wenje dat de wite mannen op it plein alle dagen oarlochje boartsje dat bern dêr de revolúsje ferklearre hawwe oan har eigen tiid en myn triennen net mear ophâlde kinne ferdomme, ik tink oan dyn hannen as it iis brekt
Foar dizze sprong doch ik in berop op dyn ferbyldingskrêft. We steane by it reade bankje en geane werom nei it jier 1540, yn deselde tiid as de bou fan de Stins dy’t we niiskrekt seagen. Gean mar eefkes rêstich sitten ast dat noflik fynst.
Bist safier? Okee dêr geane we. It is de tiid fan de reformaasje en ek Fryslân keart him tsjin it Katolisisme. It is de tiid fan de “hagepreken” en rûnom steane tsjerkjes ferskûle. Sa ek op it plak wêr’t letter de snackbar en it terras stean soene, stiet in skûltsjerkje yn de foarm fan in âld skuorre. Dit is ien fan de earste Doopsgezinde gemeentes. Fan bûten liket it op in âld skuorre, mar binnen wane je jin yn in tsjerke, kompleet mei in preekstoel. It hûs rjochts fan de Pastorij is de âlde pastorijwente. ’t Far rint hjir omhinne en wêr’t letter it pleintsje kaam is, steane noch in pear húskes oan it wetter. Dizze húskes wurde pas yn de jierren sechtich fan de 20ste ieuw ôfbrutsen. Okee, eefkes bekomme? We geane wer fierder!
De yllúzje fan tiid learde ús al dat wy oer wetter rinne kinne en dus rin mar mei tusken de grutte balstiennen troch nei de T-splitsing. Stopje hjir mar eefkes.