It hotel hat in sterke ferbining mei keunst en skiednis. Op dit plak sammele dokter Simon Stinstra mei syn frou Anna Braam yn de 18e iuw mear as 200 keunstwurken. Ek keunstskilders en keunsthannelers Hendrikus en Nicolaas Baur wennen en wurken hjir yn de 18e en 19e iuw.
Jo ferbliuwe yn in noflike keamer. By moai waar wurdt it moarnsiten servearre op it terras yn de binnentún.
Yn it hotel sit Brasserie Braam, dêr't jo terjochte kinne foar diner. Dêrneist is der in bar foar in drankje.
Art Hotel Harlingen biedt it hiele jier troch ferskate oantreklik prize arranzjeminten. Kombinearje jo ferbliuw bygelyks mei in besite oan Het Hannemahuis, in stedskuier troch histoarysk Harns of simmerdeis mei in dei fytse op Flylân of Skylge.