De âld skoalle
Oarspronklik wie Museum Opsterlân in iepenbiere legere skoalle. De earste stien waard lein op 1 septimber 1887 en it ûntwerp fan de skoalle is fan arsjitekt Jacobus Anthonie Meessen, destiids gemeente-arsjitekt fan Opsterlân. Oant 1955 waard der yn de lokalen les jûn, mar ek no stiet it oerbringen fan kennis dêr noch sintraal. Besikers kinne in soad opstekke oer de skiednis fan De Gordyk en de gemeente Opsterlân.
Werom reizgje yn de tiid
Reizgje mei werom yn de tiid en ûntdek it nijsgjirrige ferline fan De Gordyk en de gemeente Opsterlân. Mei syn 100.000 jier âlde fûstbile, mar ek it swiere libben fan Brechtsje yn de feanterij. Krij in ynkyk by de rike famyljes yn Beetstersweach of yn it sulveratelier fan de Gordykster sulversmeden. Rûk de inket yn de ‘sosjalistyske’ drukkerij fan Geert Lourens van der Zwaag en reitsje ûnder de yndruk fan de skiednis fan Esther Colthof en de Joadske mienskip yn De Gordyk. Untdek it allegearre yn Museum Opsterlân.