By STEEF draait alles om belibbing. De keuken fan chef Stefan foarmet it hert fan it restaurant en alles dêromhinne is ôfstimd op de gerjochten op tafel. Fan de winen en it servys oant it ynterieur en de sfear, alles draacht by oan in jûn fol smaak, kreativiteit en oandacht.
Stefan ferwurket wat er sjocht, fielt en meimakket yn syn gerjochten. Syn karakter komst tsjin yn ferrassende kombinaasjes, pure smaken en ferfine details. Koken is foar him in manier om ferhalen te fertellen. Dat makket in diner by STEEF persoanlik, útsprutsen en eltse kear oars.
Kwaliteit, fakmanskip, suverens en kreativiteit foarmje de basis fan de keuken. Mei in soad omtinken foar produkten, presintaasje en sfear ûntstiet in totale ûnderfining dêr’t alles yn gearfalt.