By De Waard van Napels yn Dokkum komme de smaken fan Napels en Fryslân byinoar oan tafel. Topchef Michael Roest en maître Salvatore Apuzzo kombinearje Italjaanske tradysjes, fakmanskip en gastfrijens mei streekprodukten fan Fryske grûn. Fan hûsmakke pasta’s en sûrdeisempizza’s oant ferrassingsmenu’s fol seizoenssmaken, alles draait hjir om kwaliteit en earlik koken.
De tradisjonele Napolitaanske houtûne is it hert fan de keuken. Hjir wurde pizza’s yn koarte tiid bakt op fulkanyske stien en komme ek farske broden út de ûne. Yn it restaurant hinget in waarme en ûntspande sfear dêr’t jong talint, fakmanskip en leafde foar gastronomy byinoar komme.