De 13e-iuwske Mariakerk yn Bears hat in rike ynrjochting. It meubilêr út de 18e iuw is foar in grut part bewarre bleaun, lykas de houtsnijde preekstoel út 1759.
It doarpke Bears, súdlik fan Ljouwert, liket sa út in printeboek te kommen. Oer in smel dykje komme jo by in pear pleatsen en huzen, mei efteroan in grutte tsjerke op in terp. Tichtby leit Uniastate, tsjintwurdich sichtber as in stielen frame mei it orizjinele poartegebou. Dizze trije bouwurken foarmje in moaie ienheid.
De stielen kontoeren fan de ôfbrutsen state binne makke troch byldzjend keunstner Beb Mulder. Dizze “loftspegeling” fan de âlde state falt fan fierren al op. Yn it frame kinne jo in trep omheech beklimme en genietsje fan it útsjoch op de tsjerke en it omlizzende lânskip.
De tsjerke is eigendom fan Stichting Alde Fryske Tsjerken en wurdt beheard troch de pleatslike Stichting Poarte en Uniastate Bears.