Ga naar inhoud

Museum Martena

Franeker

Yn Museum Martena komt it ferline ta libben. Do nimst in blik yn it libben fan eardere bewenners, bekende Frjentsjerters, gelearde froulju lykas Anna Maria van Schurman en de Akademy fan Frjentsjer. Do meist sjen, fiele, rûke, hearre en priuwe.

Sjoch alfêst efkes

Bekijk alle 6 foto's

Frjentsjer wie eartiids in ferneamde universiteitsstêd dêr’t heechleararen en studinten út hiel Europa gearkamen. Yn de universiteitseal is de sfear fan dy tiid werom brocht. Besjoch hjir de portretten fan heechleararen, ien fan de trije lêste xyloteken fan Nederlân en it planetarium yn it lyts, de Orrery.

Anna Maria van Schurman wie de earste frou yn de santjinde iuw dy’t oan de universiteit studearre. Oan har talinten is in prachtige seal wijd. Hjir fynst ûnder oaren har skilderijen, har minuskule selsportretten en de protte brieven dy’t se skreau oan René Descartes, Jacob Cats, Christina fan Sweden en tal fan oare wittenskippers, filosofen en leauwigen.

Op de bel-etage sjochst hoe’t de Martenastins fan de sechstjinde iuw ôf bewenne waard. Do kuierest troch de gongen, priuvest lekkernijen yn de pronkkeuken, drinkst in kop tee yn de túnkeamer en makkest kunde mei de ferskate Frjentsjerter gesichten fan it Martenahûs.

Op souder binne de Bûtenbeentsjes te finen, it Oardiel fan Salomo en de Kermis fan Kooistra. Bern kinne har útlitte by de kermis. Goai in munt yn de automaat en de ljochten geane oan, de attraksjes draaie en de kermismuzyk klinkt troch de romte. Yn de útstalling Bûtenbeentsjes steane njoggen bysûndere minsken sintraal en wurde harren ferhalen ferteld. Ek is der omtinken foar de skiednis fan de psychiatry yn Frjentsjer.

Ofstân nei jo lokaasje:
Priisynformaasje:
Fan € 5,00 (Bern)

Hjir fine jo Museum Martena

Voorstraat 35
8801LA Franeker
Plan dyn rûte naar Museum Martena

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten