Ga naar inhoud
Favorieten 0

Besykje Fryslân mei de auto

Wolkom yn Fryslân! Mei de auto kinst Fryslân op ferskillende manieren berikke. Oer de wrâldferneamde Oflsútdyk bygelyks, of út it Súden wei lâns de Fryske Marren. Op dizze pagina lêst alles oer dyn besite oan Fryslân mei de auto.

Tichterby ast tinkst

In protte minsken fine it paad fan Fryslân werom nei de Rânestêd, Utrecht of it Súden altyd in stik koarter as oarsom. Mar dat is fansels hielendal net wier. Binnen no-time bist yn ús prachtige provinsje, en ûnderweis kinst optimaal genietsje fan it Fryske lânskip. Nim bygelyks de folgjende plakken en reistiden:

Amsterdam - Ljouwert: 1 oere 35 min
Utrecht - Ljouwert: 1 oere 40 min
Grins - Ljouwert: 50 min
Den Bosch - Ljouwert: 2 oeren
Zwolle - Ljouwert: 55 min
Assen - Ljouwert: 1 oeren
Rotterdam - Ljouwert: 2 oere 10 min
Den Haag - Ljouwert: 2 oeren 
Arnhem - Ljouwert: 1 oere 45 min
Antwerpen - Ljouwert: 3 oeren

Parkeare en reizgje

Ienkear oankaam yn Fryslân, kinst der fansels foar kieze om dyn auto foardielich te parkearen op ien fan de P+R-lokaasjes yn de provinsje en fierder te reizgjen mei it iepenbier ferfier.
Hjir fynst in oersjoch fan de beskikbere parkearplakken fan wêr’st mei de bus of trein fierder reizgje kinst.

  • Akkrum                                                                                                                    
  • Bûtenpost
  • Deinum
  • De Westereen
  • Dronryp
  • Feanwâlden
  • Frjentsjer
  • Grou-Jirnsum
  • Harns CS
  • Hearrenfean CS
  • Hearrenfean-West
  • Hylpen
  • Hurdegaryp
  • Drylts
  • Koudum-Molkwar
  • Ljouwert Camminghaburen
  • Ljouwert CS
  • Mantgum
  • Snits CS
  • Snits Noard
  • Starum
  • Wolvegea
  • Warkum

Ek handich