Nei it súkses fan 'e twa foargeande edysjes fynt ek dit jier de Canto Ostinato wer plak. Diskear net yn de fertroude buorkerij, mar yn de iepenloft: midden yn 'e natoer by Jorwert. Op dizze bysûndere lokaasje klinke op snein 21 juny de betsjoenende, einleaze klanken fan dit populêre wurk, spile troch pianisten Wiebe Kaspers en Johannes Hibma.
Wa't lústert nei de Canto Ostinato, rekket al gau it besef fan tiid kwyt. It útsicht oer de landerijen fersterkt dizze erfaring. Lizzend yn it gers, by de fiver mei driuwende kearskes, of sittend op in striebaal fan de boerinne fierderop, litst dy muoiteleas meifiere troch de repetitive klanken fan de Canto. Ek foar de musisi ferdynt it tiidsbesef tidens it spyljen fan dit yntrigearjende stik.
It konsert begjint om 20:30 oere en duorret ûngefear twa oeren. Fanôf 19:30 oere bist wolkom om alfêst wat te drinken en in moai plakje te sykjen. Nei ôfrin is der gelegenheid om yn de natoer nei te genietsjen mei in hapke en in drankje.
Tickets kinst bestelle fia http://www.midzomercanto.nl/
Nei de reservearring krigest per e-mail praktyske ynformaasje oer de lokaasje, parkeren en sitmooglikheden.
“Eltse kear dat ik it stik útfiere mocht wie in bysûndere erfaring. Mar troch it stik yn de iepenloft út te fieren, kriget de Canto Ostinato in ekstra diminsje. It wurdt in duet mei de natoer sels.”
— Wiebe Kaspers
“Om't we it stik bûten opfiere, en net yn in kontrolearre omjouwing tusken fjouwer muorren, ferfage de grinzen fan tiid en romte foar my."
— Johannes Hibma