Ga naar inhoud
Kaartelementen overslaan

Kleiroute

(40,6 km)

|

Rembrandt skreaun oait oan syn frou, Saskia van Uylenburgh: ‘In lân fol rêst, sfear en sjarme, foar in part bepaald troch it heldere goude…

Rembrandt skreaun oait oan syn frou, Saskia van Uylenburgh: ‘In lân fol rêst, sfear en sjarme, foar in part bepaald troch it heldere goudenljocht, sa’t men dat oan de seekant fynt. De see dy’t tagelyk soarget foar suvere lucht, kleare kimen en foar de simmerske wolken, dy’t noch witer binne as wyt…’ Do fynst dyn slinger op de Klaairûte, in farrûte dy’t begjint by Frjentsjer, ien fan de moaiste histoaryske stêden fan Fryslân, 15 km west fan Ljouwert. Dy fiert ûnder oaren lâns de sfearfolle doarpen Dongjum, Boer, Ried, Berltsum en Menaam. Al farrend kinst genietsje fan de ôfwikseljende natuer yn in bysûnder boeiende omjouwing. Underweis binne der op ferskate plakken foarsjenningen om oan te lizzen. Fanôf dizze plakken kinst prachtige kuiertochten of fytstochten meitsje. De Klaairûte is minstens 1.50 meter djip, der sitte twa beweechbere brêgen yn, dy’t neffens de provinsjale tiden betsjinne wurde. De oare brêgen hawwe in trochfarhichte fan 2.50 meter. Folders en in kaart fan de rûte binne te krijen by de VVV’s yn de regio fan Noardwest Fryslân en de gemeentekantoaren yn Frjentsjer en Menaam.

Lokaasjes op dizze rûte

Begjinpunt:

Oostelijke industrieweg
8801 JW  Franeker
Navigeer naar startpunt

Frjentsjer

Frjentsjer is in boeiende Alvestêdestêd mei in ryk universiteitsferline. Jierrenlang wenne en studearre hjir in grut tal studinten, ûnder wa bekende nammen lykas Descartes.

Frjentsjer

11Fountains Frjentsjer

De fontein is in oade oan ’e wrâldferneamde, yn Frjentsjer berne, astronoom Jan Hendrik Oort. Syn ûnderstelling dat der om ús sinnestelsel hinne in ‘wolk’ fan miljarden komeeteftige objekten him beweecht, betsjutte in trochbraak yn ’e astronomy.

11Fountains Frjentsjer

Museum Martena

Yn Museum Martena komt it ferline ta libben. Do nimst in blik yn it libben fan eardere bewenners, bekende Frjentsjerters, gelearde froulju lykas Anna Maria van Schurman en de Akademy fan Frjentsjer. Do meist sjen, fiele, rûke, hearre en priuwe.

Museum Martena

Ljouwert

Ljouwert is de grutske haadstêd fan Fryslân. In prachtige stêd mei in soad skiednis, dy’t eartiids oan de Middelsee lei.

Ljouwert

Einpunt:

Oostelijke industrieweg
8801 JW  Franeker
Navigeer naar eindpunt