Ga naar inhoud
Favorieten 0

Frjentsjer

Frjenstjer is ien fan de Fryske alve stêden en telt hast 13.000 ynwenners. It is dêrmei ien fan de gruttere stêden fan Fryslân. Frjentsjer is benammen bekend om it grutte keatstoernoai dat yn ‘e simmer organisearre wurdt, de PC. Dêrneist komme der in soad toeristen nei Frjentsjer foar in besyk oan it planetarium, wêr’t in model fan it sinnestelsel te bewûnderjen is.

Frjentsjer hat in histoaryske binnenstêd mei in protte monuminten, lykas it âlde stedhûs, de Martinitsjerke, it Martenahûs en it Keninklik Eise Eisinga Planetarium. Ek fan it wetter ôf is der genôch te sjen yn Frjentsjer. Kinst by ferskate boatferhierders terjochte om in boat te hieren en de stêd fanôf it wetter te belibjen. De Martenatún is in stinzetún dy’t ryk is oan spesjale stinzeplanten, benammen yn ‘e maitiid is it prachtich om troch de tún te kuierjen! It is boppedat folslein fergees.

Sjen en dwaan - yn Frjenstjer