Ga naar inhoud

Friezen dogge alles krékt efkes oars. Krekt efkes wat relakster. Krekt efkes wat logysker. Krekt efkes wat nofliker. Wat eigensinniger, wat stadiger miskien, mar ek wat ‘frijer’… We dogge sa’n bytsje alles hast itselde as yn de rest fan Nederlân, mar al dy lytse ‘krekt-oarsen’ by elkoar opteld meitsje Fryslân dóchs folslein oars.

Dêrom is ús karakter ek sa ûngrypber foar in soad Nederlanners. Dêrom is Escher net samar in keunstner, Doutzen net samar in model en Sven net samar in reedrider. De rest fan Nederlân kin ús en ús fratsen mar lestich definiearje, om’t wy dingen no ienkear op ús wize dogge. Mar jou ús eefkes en we litte dy sjen hoe leuk it is om te libjen as in Fries.

We witte wier wol wat der yn de wrâld spilet

Mar we meitsje ús der gewoan wat minder drok om

It is hjir no ienkear wat relakster

Dat betsjut net dat we noait yn beweging komme

En dat we wis wol witte wat gastfrijens is

En in goed feest

Mar we dogge it gewoan op ús eigen wize

Lear ús kennen en we witte seker dat it ek dyn wize wêze kin

En litte we earlik wêze, Fryslân is gewoan de leukste bestimming

  • Pompe of FERSÛPE

    Het Woudagemaal onder stoom in Lemmer
  • Grêftegurdle

  • Wynmûnepark

  • Hop on Hop off

  • Safary

  • Tropysk swimparadys

  • Gaswinning

  • Pisa

  • Route du soleil

  • Boarterstún