Neffens barbekuegoeroe Jord Althuizen is De Mallemok it bêste barbekuerestaurant fan Fryslân. Mar wy noegje dy út om dat foaral sels te komme priuwen - yn ús stoere stedsboarkerij yn Sleat. Ûntdek hoe fjoer en reek echt hearre te smeitsjen en wêrom wy it leafst al ús gerjochten fan grilstripen foarsjogge. Dan prikst dêrnei mooglik gelyk in datum foar it folgjende itentsje.
Us thúsbasis, Sleat, liket sa fan in ansichtkaart te kommen. Mar fersin dy net: sa skattich as Sleat is, sa stoer is ús iten. Of it no giet om iepen fjoer, badass burgers of ribs, de barbecue sit djip yn ús DNA. En leau ús: dat is in goed ding. Sels assto in fegetariër bist.