AS IT IIS BREKT as it iis brekt safolle en ik wit it net mear, mar skerpe redens ride my tebek, tebek skuorren yn de tsjustere iisbaan fan myn doetiid: it read op de muorre do hiest neitocht oer hoe’t wy ferdele koenen, de wrâld in better plak april kaam rûzich, de hynsteblommen waarden dwylsinnich myn fingerseinen op dyn hûd in pear nachten waard ik dy stjer op sterk iis gjin man gjin frou mar fierder en ja, hillich skreaust hjoed lis ik myn hert del tusken stof en tiid ik sjoch hoe’t fjoer en woastenij op ‘t heden oeral wenje dat de wite mannen op it plein alle dagen oarlochje boartsje dat bern dêr de revolúsje ferklearre hawwe oan har eigen tiid en myn triennen net mear ophâlde kinne ferdomme, ik tink oan dyn hannen as it iis brekt
KWASTSTREPEN OP LINNENDOOK Skreppe, klauwe, treeride Streekride, út it eend sotte. De klankkleur fan In earste slach fan in lik bôrn Efter in stultjen of slide. Om de echte streek Te pakjen te kriien. Jûnge stylisten Beworkje it iis As kwaststreepen Op in linnendook. Priis of preemje Blieuwt tûzjoers de fraich. Warbere wintermannen Mei weargles en Skoewboarden yn tou. Baske glodde baentjes Op it Yselmor, Yn de haivenkom, De Sylroede of de Yndyk. Pûiermôlken So no en den. Ride, beljeie op Befôrzen iikonisje Raffeliche ynhammen. Stikjes iis útseeke Tróch maanse earstelingen. Yn in feaniche Earste en twadde plasse Fan de Stoenckerne, Wur yn it förjier bremstiche, Leepen, skreesen en teitjes Tredje yn it blaue gers.