Midden tusken de Fryske marren en it iepen lânskip fan Súdwest-Fryslân leit D’Ald Herberch, in plak dêr’t streekprodukten en gastfrijens sintraal steane. Hjir priuwst Fryslân op it board, fan farske fisk út de regio oant brea fan de bakker út Heech en fleis fan Fryske weiderunderen.
Eigenaresse Bernou de Jong lit gasten graach kennismakke mei de smaken en ferhalen achter Fryske produkten. De keuken wurket safolle mooglik mei lokale yngrediïnten, keazen om kwaliteit, smaak en de sterke ferbining mei de streek.
Op it terras of yn it restaurant ûntdekst gerjochten dy’t ferbûn binne mei it lânskip en de minsken fan Fryslân. Priuw de smaken fan de regio by D’Ald Herberch yn Gaastmar.