Ga naar inhoud
Kaartelementen overslaan

Turfroute

(105 km)

|

It oare Fryslân, mei bosken, feankoloanjes en heidefjilden: dat is de súdeastlike hoeke fan de provinsje. Al yn de sechtjinde iuw begûn de …

It oare Fryslân, mei bosken, feankoloanjes en heidefjilden: dat is de súdeastlike hoeke fan de provinsje. Al yn de sechtjinde iuw begûn de oanlis fan in netwurk oan farwegen wêroer’t de turfskippers harren fracht nei it westen fan it lân brochten. Oer dy farwegen giet de Turfrûte troch Súdeast Fryslân, it westlike part fan Drinte en de kop fan Oerisel. Boppedat komst lâns mar leafst fjouwer prachtige Nasjonale Parken: It Drintsk-Fryske Wold, it Dwingelderfjild, de Alde Feanen en de Weerribben. De namme fan de rûte ferwiisd nei it ferline fan hearen fan stân, feanbazen en earme trufgravers. De turfhannel makke guon foarname Fryske famyljes stjonkend ryk. Harren erfskip, bûtenpleatsen mei prachtige túnen en parken, leit ûnder mear yn Bakkefean, Aldeberkeap, Beetstersweach en Oranjewâld. Yn De telegraaf is op 25 july 2015 in stik pleatst oer de Turfrûte.  

Lokaasjes op dizze rûte

Begjinpunt:

8488 AP  Appelscha
Navigeer naar startpunt

Museum Opsterlân

Gean mei werom yn de tiid en belibje it ynteressante ferline fan de gemeente Opsterlân of lit dy ferrasse troch ús wikseljende útstalling. Fan skiednis, ferhalen en skatten út it depôt oant foto-útstallings en keunst út eigen krite.

Museum Opsterlân

Koloanjes fan Weldiedichheid

De Koloanjes fan Weldiedichheid binne bysûndere, planmjittich oanleine lânboukoloanjes dy't rjochte wiene op selsfoarsjenning. Njonken Feenhuzen hearre ek Frederiksoard, Wilhelminaoard en Willemsoard ta dizze koloanjes.

Koloanjes fan Weldiedichheid

Einpunt:

8488 AP  Appelscha
Navigeer naar eindpunt