Ga naar inhoud
Favorieten 0

1000+ rûtes

Fansels is der neat mis mei dyn snelle bak, wêrmei’st yn no-time fan Amsterdam nei Holwert rydst. Mar yn Fryslân hoecht dat net echt. In omjouwing dy’t makke is om trochhinne te fytsen en te kuierjen. Gjin bergen om te betwingen, gjin dalen om it gas los te litten. Wol slingerjende paadsjes troch trettjin ferskillende lânskippen en oer gloaiende diken. Ast dêr oerhinne fytst, tink dan wol om de skiep. Se ûnderhâlde ús diken, mar tinke al wjerkôgjend net om de oare ferkearsdielnimmers.