Ga naar inhoud
Favorieten 0

Harns

Harns is ien fan de Fryske alve stêden en hat hast 15.000 ynwenners. It is it op fjouwer nei grutste plak yn Fryslân en tige wichtich foar de provinsje fanwegen de haven. Dêrneist is it in wichtge ferbining mei de Waadeilannen. Fan Harns kinst mei de boat nei Flylân en Skylge.

Untdek dizze prachtige stêd oan it wetter wêr’t it hiele jier troch fan alles te dwaan is. Mear as 600 monuminten tekenje dizze havenstêd en meitsje de binnenstêd tige oanloklik om ris te besykjen. Yn de stêd is in part fan de ferdigeningswurken noch altyd te sjen, allyksa de oarspronklike grêftegurdles en âlde pakhûzen. Ek binne der in protte steechjes te finen dy’t de ferbining foarmje tusken de grêften.

Harns is de poarte tusken It Waad en it Fryske fêstelân.

Dêrom is Harns it ideale plak foar elkenien dy’t fan de stêd, it strân en de natuer genietsje wol.