Ga naar inhoud

It Fryske Fersepaad gedicht 6

Hichtum

Peaske / sing for the sun your lyric’ lark. Dit gedicht van Inne de Jong maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt

Neem alvast een kijkje

Dit gedicht van Inne de Jong maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.

Peaske / sing for the sun your lyric’ lark

Sjong dyn sang foar de sinne, ljurk,
dû brune troubadour,
sjong foar flinters en fisken, ljurk,
greiden en marren oer,
sjong alle loften fol júchhei,
sjong alle dagen ljocht,
wetter en wyn dy sjonge mei,
de kym dy tilt fan nocht.

Meitsje alle fûgels dronken, ljurk,
en fiterje dyn koar,
hwa jit gjin wize kenne, ljurk,
sjong dû 'm harren foar,
dû bist in master as gjinien,
dyn siel is fan muzyk,
hwa hat foar God en sinne stien,
hat 'n kiel, dyn kiel gelyk?

En sjong ek foar de minsken, ljurk,
sjong dû ús klachten dea,
sjong fan in iiv'ge moarntiid, ljurk,
en sjong ús nachten rea,
sjong, dat de dea forliezer is,
sjong, dat it libben wint,
sjong, dat it Peaske, Peaske is
en dat Gods dei bigjint.

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief.

Je ontvangt elke maand inspiratie, unieke tips en winacties van Visit Friesland.