Ga naar inhoud

It Fryske Fersepaad gedicht 4

Bolsward

De Boalserter Merke. Dit gedicht van Eeltje Halbertsma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.

Neem alvast een kijkje

Dit gedicht van Eeltje Halbertsma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt. 

De Boalserter Merke.

Te Boalsert yn 'e merke
Seach ik in famke gean.
Ik tochte, bern! Wat biste tûk;
Sa jong en prûs, sa nuver smûk;
Ja, nuver smûk,
Ja, nuver smûk;
Sa tsjep yn sneinske klean.

Ik kaam har wer temjitte,
En seach har bjuster oan.
Ik seach har oan, ik seach har nei:
Mar seach hja my, dan rûn ik wei;
Ja, rûn ik wei,
Ja, rûn ik wei,
En like hast bestoarn.

Soms teach hja nei de kreammen,
En koft wat nije klean;
Mar wat hja koft en wat hja die,
Of wat hja te benoaskjen hie,
Benoaskjen hie,
Benoaskjen hie,
Hja moast my altyd sjen.

Dan gluorke se oer it skouder,
Krekt as 't in skierkert wie:
En wat hja glûpte, of wat hja seach,
Ik wie har nea net út it each,
Net út it each,
Net út it each,
Al wie 'k ek noch sa fier.

De jûn begûn te kommen,
En 't foltsen gong te bier;
De famkes kui'ren hân oan hân
En wat der wie yn 't Fryske lân,
Yn 't Fryske lân,
Yn 't Fryske lân,
Moast no ris oan 'e swier.

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief.

Je ontvangt elke maand inspiratie, unieke tips en winacties van Visit Friesland.