It Fryske Fersepaad gedicht 17
Wommels
Corvus cornix. Dit gedicht van Rintsje P. Sybesma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Neem alvast een kijkje
Dit gedicht van Rintsje P. Sybesma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Corvus cornix
Skier-swarte fûgel, o, dou doarmest roun,
En slachst dyn feale wjukken yn ’e rein;
Bistou út langstme nei dizz’ oarden tein,
En ljeavest sa dizz’ hjerstich-wiete groun ?
Skier-swarte fûgel, hat de wyn dy sein,
Det hjir de blide simmertiid forroun ?
En hast’ it beamte drôvich suchtsjend foun,
Wylst al hjar siersel foel oer paed en plein ?
Dou bist’ oer woel’ge wide wetters flein,
Dyn iensum reisgjen is op nij bigoun,
Nou ’t rûge weagen skomje sûnder ein.
Dit feale lân hat dy de frijdom jown,
Hwent ringen rint de bleke dei to’n ein
En einleas-lang is ’t rûzjen fen ’e joun.