Locaties
3793 t/m 3816 van 6193 resultaten
-
Binnendyk 106
Binnendyk 106 Ryptsjerk
-
Fierljeppolder en -museum
Fierljeppolder en -museum Noardburgum
-
Johanneskerk Britsum
Johanneskerk Britsum Britsum
-
“Vissers” huis
“Vissers” huis Zoutkamp
-
It Fryske Fersepaad gedicht 14
It Fryske Fersepaad gedicht 14
Dit gedicht van Baukje Wytsma maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Ympresje
Allinnich ûnderweis, in lette simmerjûn,
hast wordt it mnacht.
De loft is wild en heidekleurich, de damp
sticht út de sleatten op. It fee stiet
roerleas yn in see fan griis, swart-wite
skippen sûnder seil en treil.
Ik tink oan Ruysdael yn it Mauritshûs oant
giel en gleon koplampen my temjitte komme. Wommels
-
Kitesurfspot Workum
Kitesurfspot Workum Workum
-
Binnenstad Bootverhuur Sneek
Binnenstad Bootverhuur Sneek Sneek
-
Maallust, Kaaslust en Piepers & Paupers
Maallust, Kaaslust en Piepers & Paupers Veenhuizen
-
De Herbergh van Flielant
De Herbergh van Flielant Vlieland
-
Watertorenhotel Nes - Kamer Turrem
Watertorenhotel Nes - Kamer Turrem Nes (gemeente Heerenveen)
Direct boekbaar
-
De elf fonteinen van Friesland
De elf fonteinen van Friesland Friesland
-
de Drijfveer
de Drijfveer Akkrum
-
Stadsbrouwerij en museum Bonifatius 754
Stadsbrouwerij en museum Bonifatius 754 Dokkum
-
Restaurant Brugman
Restaurant Brugman Bolsward
-
Uitkijktoren De Potten Sneekermeer
Uitkijktoren De Potten Sneekermeer Offingawier
-
Hotel Vie Via
Hotel Vie Via Leeuwarden
-
De Gouverneur Leeuwarden
De Gouverneur Leeuwarden Leeuwarden
-
NUT Gaasterlân Sleat
NUT Gaasterlân Sleat Balk
-
Greenjoy
Greenjoy Leeuwarden
-
Groepsaccommodatie Us Hiem
Groepsaccommodatie Us Hiem Oudega (gemeente Súdwest-Fryslân)
Direct boekbaar
-
WestCord WTC Hotel - City View Kamer
WestCord WTC Hotel - City View Kamer Leeuwarden
Direct boekbaar
-
Bonkevaart - finish Elfstedentocht
Bonkevaart - finish Elfstedentocht Leeuwarden
-
WEC (Werelderfgoedcentrum Waddenzee)
WEC (Werelderfgoedcentrum Waddenzee) Lauwersoog
-
It Fryske Fersepaad gedicht 23
It Fryske Fersepaad gedicht 23
Dit gedicht van Douwe A. Tamminga maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
Ballade fan de Sinteklazeboer
Yn ‘t hertsje fan Hinnaard’rradiel
stiet earne in boerehûs, dêr ‘t hiel
wat jierren lyn op wenne
in jonge widdo. ‘t Wie dêr rom,
in oare stjelp yn ’t wiid rûnom
koe amper men bekenne.
Dy pleats, sa wol in âld ferhaal,
yn yprenbeammen yl en skraal,
te waaid en heal ferwile,
dêr hat op in desimbermoarn
him ienkear in hiel ûngewoan
en seldsum stik ôfspile.
De widdo warber as in bij,
berêde sels har buorkerij
en hie it slim folhannich.
Se tsjerne en tsize dat it die,
komselden, redsum as se wie,
waard har it wurk te bannich.
Dat kaam, se hie in feint yn hier,
in kloeke bodder, sikerwier,
dy wóé, it wie wat wûnders.
En sterk! Hy tilde boppehâns
op ’t tsiisboerd tagelyk mei glâns
twa, trije tritichpûnders.
Hy molk en fuorre it jier yn ’t rûn
en stie faak op ‘e lette jûn
yn ’t fjild noch poer-allinne.
Nachts hat er as in soarchsum feint
yn ‘t bûthûs mannich kealtsje heind:
hy fléach foar syn boerinne.
Sa libbe it dêr de jiergong lâns
en bleau it buorkjen yn ‘e blâns,
sa koe de frou it rugje.
Doe, op in jûn, de dei wie oer,
hy siet by ‘t waarme winterfjoer
foar har te klompeplugjen,
doe sei boerinne mei in glim,
– der lei wat gutichs yn har stim -:
“’t is tiid fan sinteklaazjen,
ast no dyn klompen hjir ris brochst
watst dêr moarnier yn fine mochtst
meist nimme as dyn gaazje!”
De feint, nijsgjirrich as in skries,
joech foar de frou har wurd belies
en joech him doe nei sliepen,
mar tocht, ear ‘t him de lea befoel:
wat is de b’’rinne dochs fan doel?
Dy grutte fraach bleau iepen.
De oare moarns foar dage en dei
wie hy al ûnder ’e wrine wei
mei ‘t doel en lit neat skine.
Stil kipe er troch de mulhûsdoar.
mar hoe ’t er seach, hy koe gjin spoar
noch skyn fan klompen fine.
Wól stie de widdo nêst de hurd,
“Sjoch mar ris goed”sa wie har wurd,
“wat ha ‘k hjir oan myn skonken?”
De feint besaude en hy begriep:
syn klompen! O, se lake liep
tewyl har eagen blonken.
It duorre net mear mâle lang
doe wie de mole troch de fang
de feint wie gau besletten.
Hy naam syn sinteklaaspresint
mei beide hannen oan en sint
wie ‘t maitiid yn twa herten.
Wie maitiid doe ‘t yn kleare taal
twa flaggen op ‘e skuorrenaal
ferhellen fan‘t wjerfarren…
Noch altyd hâldt de jierren oer
de namme“Sinteklazeboer”
oantinken oan dit barren.Mar as om sinteklazetiid
d’ âld biskop oer de dakken riidt
dan kin er ‘t foar him krije:
dy feint, dy widdo by de hurd,
dan glimket er yn ‘t grize burd.
Hy mei ‘t ferhaal wol lije. Edens