Op sneintemiddei 20 septimber organisearje wy de twadde edysje fan it Deade Dichters Deklamatoarium (DDD). It wurdt holden yn de Pitertsjerke yn Lippenhuzen. Alve dichters drage poëzy foar fan alve ferstoarne Fryske dichters. Sy dogge dat ûnder muzikale begelieding fan Axl Hofstede en Wilco Hoekstra.
Fan de folgjende dichters sille gedichten foardroegen wurde: Berber van der Geest, Tsjêbbe Hettinga, Steven de Jong, Hessel Miedema, Tiny Mulder, Tsjits Peanstra, Tjitte Piebenga, Sjoerd Spanninga, Sybe Sybesma, Ella Wassenaar en Harmen Wind.
It idee fan in deklamatoarium mei Fryske poëzy is al âld. Sa waard it yn 1961 yn de Sint Pitertsjerke yn Grou hâlden, by it sechsde lustrum fan de Fryske studinteferiening Aldgillis út Delft. De jonge, ûnbekende dichter Abel Oostra organisearre dat doe mei de Fryske dichter Tjitte Piebenga. In deklamatoarium is foardracht fan poëzy begelaat troch of ôfwiksele mei muzyk. Wy fine dit in moaie foarm om it wurk fan ferstoarne Fryske dichters wer klinke te litten.
Foarich jier hawwe wy it DDD foar it earst organisearre yn de Johannestsjerke yn Weidum. Doe waard wurk foardroegen fan tsien Fryske dichters dy’t yn de ôfrûne jierren ferstoarn binne. Dy earste edysje wie útferkocht. It hat ús oanset om te besykjen der in jierlikse, literêre tradysje fan te meitsjen. De poëzy fan ferstoarne Fryske dichters mei net ferjitten wurde. Poëzy moat klinke. Poëzy dy’t gjin eigen stimme mear hat, fertsjinnet in poadium.
It Deade Dichters Deklamatoarium yn Lippenhuzen wurdt organisearre yn gearwurking mei de aktiviteitenkommisje fan de Pitertsjerke yn Lippenhuzen en finansjeel mei mooglik makke troch stipe fan Provinsje Fryslân, Gemeente Opsterlân, Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), Boersma Adema Stifting, Douwe Kalma Stifting, Van Teyen Fundaasje.
Tijdstip
15.00 - 17.00 oere (ynrin 14.30)
Entree
€10 – reservearje fia: deklamatoarium@hotmail.com