Ga naar inhoud

Gedicht: Iisbaan yn ‘e maaitiid | Syds Wiersma

Mantgum

Een gedicht van Syds Wiersma, geschreven in het Fries. Dit is een gedicht uit een reeks van gedichten die bij de ijsbanen van de Iisbaankeunstrûte horen.

Neem alvast een kijkje

Meer informatie

Beluister het gedicht hier

IISBAAN YN ‘E MAAITIID
de besiele stilte
fan it ferlitten hillichdom
it is maaitiid mar bûten de tiid
briedt it fersûpte gers
mei nij grien
de tút fan bestimming deryn
yn it sin bringer fan
it streekjen it frij fielen ûnierdsk
njonken
it knoffeljen it minsklik mislearjen
ah jasses
hakkekruk dreamt fan iisprinsesse
yn in nije winter tute
as by in âlde hit de wrâld in dûnsflier
dy kâldreade blommewangen
ûnder har mûtse fan suvere ingelewol wei
te plôkjen
de tút
de dream oer de tút
de tút fan de dream oer de tút
hakkekruk knoffelet troch
de hope op de tút fan de dream oer de tút
waard in wynwak
drûget op, lit de feiten sprekke:
ferlitten timpel, dea iis
gjin prinsesse by machte