Locaties
4777 t/m 4800 van 5771 resultaten
-
Mevrouw de Molenaar
Mevrouw de Molenaar Witmarsum
-
Boerderijwinkel Uitland
Boerderijwinkel Uitland Buitenpost
-
Zen aan Zee
Zen aan Zee Paesens
-
Paviljoen Sneekermeer
Paviljoen Sneekermeer Offingawier
-
Jachthaven de Dolfijn - Theo's Yachtservice
Jachthaven de Dolfijn - Theo's Yachtservice Sloten FR
-
Restaurant 'Het Wapen van IJlst'
Restaurant 'Het Wapen van IJlst' IJlst
-
Zwemplaats Earnewâld
Zwemplaats Earnewâld Earnewâld
-
Workumer Buitenwaard - Observatietoren
Workumer Buitenwaard - Observatietoren Workum
-
Koloniën van Weldadigheid
Koloniën van Weldadigheid Frederiksoord
-
Wyldemerk
Wyldemerk Harich
-
Het Witte Meer
Het Witte Meer
Beetsterzwaag
-
Watersport- en recreatie LaDure
Watersport- en recreatie LaDure Rottevalle
-
Huis Messingklopper
Huis Messingklopper IJlst
-
Kerk Westernijtsjerk
Kerk Westernijtsjerk Marrum
-
Peal 1: Startpunt Kameleon
Peal 1: Startpunt Kameleon
Dit punt is ûnderdiel fan it trajekt 'It Paad Werom Terherne'. Besjoch de hiele rûte.
(harkje hjir nei it audioferhaal)
Wolkom bêste kuierder. Wolkom yn Terherne. Wat aardich datst bist! Earlik sein hie’k dy al ferwachte. Want it ferhaal gong al troch de buorren hè? Dat de poarten nei it ferline fan Terherne iepen binne. Dat lang net fertelde ferhalen no foar’t ljocht komme. (harren iepenbierje) Want dat kloppet. En ik haw der foar soarge. Ik haw dêr sa myn reden foar. De wichtichste? Om’t ik fyn dat âlde ferhalen nea ferlern gean meie.
O, nim my net kwea ôf. Ik ferjit hielendal om my eefkes oan jim bekent te meitsjen. Ik bin dyn ferteller hjoed. Ik hie -en haw noch hieltyd- in waarme bân mei dit doarp. Sa’n 400 jier lyn wenne ik hjirre. It wie in oare tiid en in hiele oare wrâld. Ik haw me altyd bekroade om de Terhernsters. Ik woe op se passe, ‘Oant yn de Ivichheid’, kin je wol sizze.
Wa’t ik krekt bin en wat dit allegear betsjut, sil tidens dizze kuiertocht dúdlik wurde. Ik warskôgje dy wol alfêst in bytsje. Want de kâns is grut dat dyn byld fan dit gewoane fryske doarpke, nei hjoed ienris en foargoed, noait mear itselde is.
Want ja, it leaflike Terherne is in plak fan kontrasten. Mei de tiid as grutste yllúzje. Neat is wat it liket.
Bist safier? Dan geane we.Rin mar nei de wâl. We steane hjir op it parkearplak by it opstapplak en foar ús leit de Alde Sânsleat. Sjoch marris om dy hinne.
De âlde Sânsleat dy’t hjir foar dy leit is in drok farwetter nei Akkrum en it Hearrenfean. It gebouke fan de Kameleon hjir efter dy, is in brêgehûs en it terrein in plak wêr’t skippen lade en losse. It is in drokte fan belang. Preammen, tsjalken, skouwen, hannel yn fan alles en noch wat. Mar ek de lêste nijtsjes út de omjouwing hearst hjirre, fan de brêgewachter en oaren. Faaks hast sels noch in boadskip…. Jou it mar troch oan him. De skippers binne dyn boadskippers en fertellers.
Sjochris nei links en rin ris in stikje by’t haad del. Oantst foar de yngong fan it lytse haventsje stietst dat oan de oare kant leit. Dat is de earste doarpsjachthaven fan Terherne. Doe in feartsje dat tagong joech foar preammen nei de lytse ‘komelkers’, lytse boeren dy’t mar in pear kij molken. De earste haven siz ik mei klam, want tsja…. Dêr is mei de lineaire tiid wol it ien en oar feroare. Terherne telt yn 2024 sa’n 11 havens en dy wurde hast allegearre brûkt foar de plezierfeart.
Dêr geane we it is 1976.
Rûn dizze tiid is men dwaande om de Nije Sânsleat te graven en sil it farferkear hjir yngripend feroarje. Sjochst dat twadde húske rjochts fan de havenyngong? Dy mei dy âlde fryske gieltsje? Yn dat húske wennet skûtsjeskipper Tjitte Jans Brouwer. In begrip yn de skûtsjewrâld en op dit stuit 85 jier âld. Op it parkearterrein hjir achter dy stiet in grutte direksjekeet dy’t brûkt wurdt troch de oannimmer fan de Nije Sânsleat. It wurk oan dizze brêge is krekt klear en de keet stiet leech. It is tongersdei 12 febrewaris, in oere as 5 moarns betiid as ik, en alle Terhernsters opskrilje fan in gi-gan-tyske knal. De keet eksplodearret en stikken dak fleane oer de Sânsleat, oer de huzen hinne en komme dêr yn de tunen del. By in grut tal huzen yn it heale doarp barste de finsters derút en ek by de horekabedriuwen oan wearskanten fan de brêge sit der gjin glês mear yn de kesinen.
It húske fan skipper Brouwer hat de grutste klap opfongen en der leit gjin dakpanne mear op it dak. De kesinen binne fyn en der leit gjin board mear heel yn de kast. In kranteman befreget de skipper en eefkes letter stiet yn de krante dat hy ‘wol sa’n 20 sentimeter optild wie’. Want Tjitte fertelde, yn it frysk mei in twinkeling yn’e eagen: Och man, ik wipte sa’n ein omheech yn de bedstee, der hie wol in jongfrommes tusken past”.
No’t de rêst werom is en it pún opromme, geane we no echt op paad. Se rêde it wol sûnder ús. Se bouwe it wol wer op.
Kom, we binne werom yn it no en rinne hjir linksôf de brêge oer it âlde doarp yn. Ik siz wol: “It âlde doarp, mar eins is dat ek in yllúsje. Do kinst dit plak faaks as it sintrum fan it doarp, mar de echte oarsprong fan Terherne leit hjir net, mar op de oare kant fan it doarp. Dêr komme we daliks. No rinne we earst nei de supermerk, wat fierderop oan de linkerhân, wachtsje dêr mar eefkes op my.
Dit punt is ûnderdiel fan it trajekt 'It Paad Werom Terherne'. Klik hjir om werom te gean nei de rûte.
Terherne
-
Klokkenstoel Bantega
Klokkenstoel Bantega Bantega
-
PlayGROÛND
PlayGROÛND Harlingen
-
Openbare lagere school
Openbare lagere school Hurdegaryp
-
Wadden High Tea - Kroon van Marijn
Wadden High Tea - Kroon van Marijn Ferwert
-
Gedicht: Ourond | Joël Hut
Gedicht: Ourond | Joël Hut
OUROND
pas nei it griene börd
wêrt ik in geef gedicht op lês
wyt ik, hiest tot för kört
förbij in trepke en it gers
genôch foar jong en âld
om förtst it wytst wer furt te ranen
wurdt alles minder kâld
dan hast dy dêrby del te jaan
t is goed, dit gasterlân
san dichter hoecht nit op te jutten
aanst lis ik bij it strân
k he lauwer toch gin kâlde futten Mirns
-
Hegedyk
Hegedyk Gorredijk
-
Skillige Pypke
Skillige Pypke Feanwâlden
-
Huis van Mr. Klaas Bijlsma - Kaatskuier
Huis van Mr. Klaas Bijlsma - Kaatskuier Franeker
-
Nicolaaskerk Koarnjum
Nicolaaskerk Koarnjum Koarnjum