Locaties
841 t/m 864 van 6193 resultaten
-
Veerpont Vlieland
Veerpont Vlieland Harlingen
-
Aldehoeve-logies - Appartement Ien
Aldehoeve-logies - Appartement Ien Workum
Direct boekbaar
-
Veerpont Fietspont De Deelen (Luinjeberd)
Veerpont Fietspont De Deelen (Luinjeberd) Luinjeberd
-
Rustpunt it Pöeleboskje
Rustpunt it Pöeleboskje Hoornsterzwaag
-
Groepsaccommodatie De Bird
Groepsaccommodatie De Bird Heeg
Direct boekbaar
-
Akkrum-Nes, altijd in beweging
Akkrum-Nes, altijd in beweging
Akkrum
-
TOP Oudemirdum
TOP Oudemirdum Oudemirdum
-
E-bike oplaadpunt in Sloten
E-bike oplaadpunt in Sloten Sloten
-
Jamuna Indiaas Restaurant
Jamuna Indiaas Restaurant Leeuwarden
-
Flying Fish Heeg
Flying Fish Heeg Heeg
-
Gedicht: Der gie in snijen | Eeltsje Hettinga
Gedicht: Der gie in snijen | Eeltsje Hettinga
DER GIE IN SNIJEN
Often to understand, we have to look into emptiness
– Michelangelo Antonioni
Winter line skean tsjin de apelhôven,
liet de mûle in lang swijen,
begjin april, spoaren fan lytse
hoefdieren yn de snie en oer
de mûnier, dêr’t in rûge froast
syn flierren sloech, de rop fan in ûle.
Earne út nacht syn ûnderwâlen wei
kaam in frou, in pear redens
om ’e hals, de ring fan
it lantearneljocht yn en ferdwûn,
in skaad foar har, in skaad achter har,
de iisbaan oer, it tsjuster yn.
Inkeld útsinnige kiel wie ik doe’t
by in hast dierlik oerémisk roppen
ik út myn dreamen wekker skeat
en mysels weromfûn yn de dize
oer de Po-flakten fan Antonioni, dêr’t
in kamera oer de sompen glied.
Ik seach iisblommen op de ruten,
begjin april, sette de ôftiteling
stil by de namme fan Anna.
Winter line skean tsjin de apelhôven,
liet de mûle in lang swijen.
Der gie in snijen, sûnder ophâlden. Bakkeveen
-
De Wimpel
De Wimpel Oldeberkoop
-
de Tijnjehoeve
de Tijnjehoeve Boornzwaag
-
It Fryske Fersepaad gedicht 13
It Fryske Fersepaad gedicht 13
Dit gedicht van Jan Linses van der Burg maakt onderdeel uit van het Fryske Fersepaad dat via 25 gedichten Bolsward met Iens verbindt.
It Heitelân
Dêr ’t de dyk it lân omklammet,
Lyk in memme earm hjar bern,
Dêr ’t de wylde sé jamk flammet
Op in hap út Friso’s hern’;
Dêr ’t de Stiennenman syn eagen
Stoarje lit oer fjild en strân,
Dêr ’t men eanget fen gjin weagen,
Dêr is ’t ljeave Heitelân!
Dêr ’t men eanget fen gjin weagen,
Dêr is ’t ljeave Heitelân!
Dêr ’t Reaklif sa swietkes lonket
Yn de jountiidssinneskyn,
Dêr ’t it bokweitblomke pronket
Twisken heide en beamgûd yn,
Dêr ’t de Aldehou syn brommen
Uren fier sims dreunt yn ’t roun,
Dêr it tilt fen fé en blommen,
Dêr is ’t oeral Fryske groun!
Dêr it tilt fen fé en blommen,
Dêr is ’t oeral Fryske groun!
Dêr ’t hjar froed de geaen spriede,
Twisken Lauwers, Linde en Flie,
Rêstich drôgjend, eft de ierde
Rounom noft en frede wier,
Dêr ’t de groun de soargen leannet
Fen der minsken warbre hân,
Dêr ’t men frij en feilich wennet,
Dêr is ’t ynljeaf Heitelân.
Dêr ’t men frij en feilich wennet,
Dêr is ’t ynljeaf Heitelân.
Lit ús tinke oan âlde tiden;
Ieuwen fol fen lêst en noed,
Kriich tsjin frjemdfolk, fjuchtsjen, striden,
Wrachseljen mei wetterfloed,
Dêr ’t Dy ’t âlde folk biwarre,
Dreech tsjin stoarm en twingerij;
Dêr scill’ wy, as Friezen, swarre:
„Aldfaers erf, wy weitsje oer Dy!”
Dêr scill’ wy, as Friezen, swarre:
„Aldfaers erf, wy weitsje oer Dy!” Wommels
-
Jetze Veldstraweg en monument
Jetze Veldstraweg en monument Ouwsterhaule
-
Biologische kaasmakerij de Nylander
Biologische kaasmakerij de Nylander It Heidenskip
-
Vakantiehuis Genereus
Vakantiehuis Genereus Grou
-
Restaurant HarTeluk Joure
Restaurant HarTeluk Joure Joure
-
Waddeninzicht botenverhuur
Waddeninzicht botenverhuur Anjum
-
Broerekerk Bolsward
Broerekerk Bolsward Bolsward
-
Camping it Krúswetter - Kampeerpod 27
Camping it Krúswetter - Kampeerpod 27 Easterlittens
Direct boekbaar
-
Woudstra’s Pleats
Woudstra’s Pleats Menaam
-
Hein Mader sculpturen
Hein Mader sculpturen Appelscha
-
Gedicht: As it iis brekt | Albertina Soepboer
Gedicht: As it iis brekt | Albertina Soepboer
AS IT IIS BREKT
as it iis brekt
safolle en ik wit it net mear, mar skerpe redens ride my tebek, tebek
skuorren yn de tsjustere iisbaan fan myn doetiid: it read op de muorre
do hiest neitocht oer hoe’t wy ferdele koenen, de wrâld in better plak
april kaam rûzich, de hynsteblommen waarden dwylsinnich
myn fingerseinen op dyn hûd
in pear nachten waard ik
dy stjer op sterk iis
gjin man gjin frou mar fierder
en ja, hillich skreaust
hjoed lis ik myn hert del tusken stof en tiid
ik sjoch hoe’t fjoer en woastenij op ‘t heden oeral wenje
dat de wite mannen op it plein alle dagen oarlochje boartsje
dat bern dêr de revolúsje ferklearre hawwe oan har eigen tiid
en myn triennen net mear ophâlde kinne
ferdomme, ik tink oan dyn hannen
as it iis brekt Beetsterzwaag